Programma GROU2018

Klinke & daverje! Grou sil it hiele kulturele jier 2018 yn it teken stean fan de Halbertsma’s en kultuer. Mei in fariearre programma, foar elk syn gading. Mei û.o. Gabe Skroar, in grut lokaasjeteäter / iepenloftspul, mei lêzingen, in moarnsbrochje op it starteilân, in eksposysje, in ferskaat oan optredens, in boek en noch folle mear. Dit alles mei as tema de fjouwer bruorren Halbertsma, ikoanen fan de Fryske taal en kultuer.

Iepening klinke & daverje | Grou 2018

Snein 14 jannewaris 2018 is de iepening fan klinke & daverje; fan it Halbertsmajier. Yn de Sint-Pitertsjerke, mei in algemiene, dochs nijsgjirrige lêzing oer de bruorren Halbertsma en harren kulturele ynfloed. De lêzing sil jûn wurde troch Alpita de Jong. Muzyk sil fersoarge wurde troch it trio Hein Jaap Hilarides, mei moderne lieten út de Rimen en Teltsjes. Hilarides is kenner fan de Halbertsma-muzyk.

RUR yn Grou

Trije opmerklike Halbertsma-gasten sille op ûnneifolchbere wize befrege wurde yn RUR Sneintemoarns, 28 jannewaris om 11.00 oere yn it Theehuis yn Grou. Mear ynfo folget.

Klink den, in dawerje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Frysce groun. Justusz

De nuvere wrâld fan Gabe Skroar

Tongersdei 1 maart: Lêzing oer de kulturele ynfloed (en noch folle mear) fan de Halbertsma’s by de Stifting Grou. Dat mei in knypeach nei hjoed. Humor, ynformaasje en muzyk sille de boppetoan fiere. Sprekker de ûnderwilens Halbertsma-saakkundige en Grouster ûnder de Grousters, Eddy van der Noord.

Eksposysje 'Wrâldboarger út Grou'

Joast Hiddes Halbertsma en syn ynternasjonale ynteressen
In útstalling oer de opmerklike Europeeske kontakten fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) yn syn bertedoarp Grou. Hoe kin de útstalling ‘Wrâldboarger út Grou`, Joast Hiddes Halbertsma en syn ynternasjonale ynteressen better oanslute by it jier dat Ljouwert-Fryslân yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa is? It hiele jier troch kinne alle Friezen, Nederlanners en oare Europeanen dy't yn de provinsje op syk geane nei kultuer en tradysje, harren yn it museum Hert fan Fryslân yn Grou deroer fernuverje hoe't er syn ynteresse yn de Fryske taal en kultuer kombinearret mei dy yn oare kultueren.

Halbertsma moarnsbrochje

Sneon 12 maaie 2018 farre mear as 300 minsken moarns om healwei fiven nei 't it starteilân yn de Pikmar. Dêr stiet in Halbertsma-moarnsbroch foar har klear. It iten wurdt opfleure mei in tal kulturele aktiviteiten, mei ûnder oaren kabaret en muzyk.

Lêzingen 'Wrâldboargers út Grou'

De driuw en de eagen nei bûten ta. It persoanlike ferbine mei it maatskiplike. It sjen oer de grinzen fan de wittenskip. It sjen oer de grinzen fan kultuer. It sjen oer de grinzen fan minsken. Dy tradysje fan de Halbertsma’s wolle wy mei trije lêzingen de 21e iuw ynbringe.

Lêzing 1 - oer ‘it Boalserter Nut', in ferhaal út de Lapekoer fan Gabe Skroar, dêr't Gabe in besite bringt oan it Nut en dêr in lêzing oer de jildhannel heart. Tema: maatskiplike stannen en jild. Mei muzyk (en punch), lykas dat by de Nutsgearkomsten yn 1800 gewoan wie. (april 2018)

Lêzing 2 - oer in oantal bysûndere ynternasjonale objekten dy't Joast Halbertsma sammele hat (en skonken oan Fryslân) en dy't der net mear binne. Tema: Joast Halbertsma as antropolooch. Mei animaasjes fan de objekten. (maaie 2018)

Lêzing 3 - 'De hoanne fan Westerein’ (Westerein is de namme fan in pleats fan de Halbertsma’s yn de omkriten fan Warkum en de titel fan in polityk kleure petear tusken in boer op dy pleats en de hoanne). Tema : Joast Halbertsma en syn fyzje op de polityk. (oktober 2018)

It teäterspektakel Gabe Skroar

Yn de moanne juny sil op de moaiste lokaasje fan Grou it teäterspektakel Gabe Skroar opfierd wurde. Lokaasjeteäter en fisueel spektakel. Gabe Skroar hat it dreech mei de bruorren Halbertsma. Hie er no mar net oan har heit en mem beloofd, dat er op har passe soe. Dat er yn 'e gaten hâlde soe, dat it goed mei har gean soe. Dat er syn bêst dwaan soe om harren byinoar te hâlden. Wêrom bliuwe se dan ek net gewoan yn Grou, dêr't it libben swiet en oersichtlik is? Dêr't hja inoar alle dagen treffe kinne? Gabe Skroar boartet mei it tema fan Kulturele Haadstêd 2018. Gabe Skroar hat de opdracht in sûne mienskip te meitsjen fan de fjouwer Bruorren. Mar dat binne 'Kikkerts yn in kroade': in behâldende keapman, in trochdriuwerige ûndernimmer, in ôfstanlike analytikus en in man dy't hast oan it libben te’n ûnder giet. Wat ferbynt dy minsken ta in mienskip? Houlik, reizgjen, feest, efkes is der ferbining tusken de personaazjes. Mar hielendal ferbûn binne de minsken pas by de driging fan earmoede en gebrek en yn ’e dea.

Ofslúting klinke & daverje

Yn desimber sil klinke & daverje | Grou 2018 ôfsletten wurde mei in spesjale aktiviteit. Mear ynfo folget.



De bruorren Halbertsma

Undernimmend wiene se. Underhâldend ek. In jûn by de Halbertsma’s, dan hiest ferhalen heard, dêr’tst wer in jier mei foarút koest. De houtkeapman nammers net, dat wie gjin ferteller. Mar de oare trije koene der wat fan. Se hiene wat te fertellen, dy Halbertsma’s, dat is dúdlik. Yn it Hollânsk en yn it Frysk, en sa no en dan yn it Frânsk, Ingelsk of Latyn. Se hawwe ús ek no noch wat te sizzen, dy wrâldboargers út Grou.

Rimen en teltsjes

De Fryske gedichten en teltsjes fan de Halbertsma’s wiene in boarne fan ynspiraasje foar toanielskriuwers, sjongers, taalleafhawwers, en de nije generaasje dichters. En foar útjouwers. Yn 1871 ferskynde by de útjouwer fan Joast de earste útjefte fan de Rimen en Teltsjes, mei it sammele wurk fan Joast en Eeltsje. Mar dochs waard net alles opnommen. Dat fan Tsjalling ûntbruts ek noch. Der kamen hieltyd nije, folsleinere, útjeften fan de Rimen en Teltsjes, wol tsien ferskillende edysjes yn 150 jier.

De lapekoer fan Gabe Skroar

It begûn yn 1822 mei in útjefte 'foar freonen': in lyts boekje mei mar seis gedichten en fersen en wat koarte proazateksten. Allegearre yn it Frysk. De gedichten wiene fan Eeltsje, mar Joast joech se út as wiene it de fersen fan in al lang ferstoarne kreupele kleanmakker, Gabe. Dy Gabe Skroar waard de haadpersoan fan ferhalen dy't yn de twadde en tredde Lapekoer bedarren, mei nije gedichten en ferskes. It boek foel op troch de taal en styl. Oant fier bûten Fryslân.

It Houtfabryk

It Houtfabryk Halbertsma is yn 1891 stifte troch Binnert Hidde Halbertsma en Piter Goslik Halbertsma, in soan en pakesizzer fan Binnert Halbertsma. Driuwfear wie jimmer in sosjaal gefoel foar it personiel en de Grouster mienskip. Keppele oan in ûndernimmende en ferstannige hannelsgeast. Yn de jierren sechstich fan de foarige iuw wiene der mear as tûzen personielsleden. Halbertsma wie in bedriuw mei in grutte ekonomyske en sosjale ynfloed yn Grou.

Joast Halbertsma (1789-1869)

Joast Halbertsma wie ‘dokter fan 'e siel ’ – dûmny dus. Hy makke namme as gelearde op it mêd fan de âlde talen en de moderne dialekten. Hy ferdjippe him yn fan alles en noch wat: fan de ûntjouwing fan it boeddhisme yn Yndia, de weefyndustry, jildûntwearding, it libben en it wurk fan steatslju en gelearde lju út de 18de en 19de iuw, oant de politike ferhâldingen tusken de ûnderskate Europeeske lannen. Tresoar en it Fries Museum hawwe har bestean oan him te tankjen.

Tjalling Halbertsma (1792-1852)

Tsjalling Halbertsma wie ynternasjonaal bûterkeapman en die ek wol yn tsiis en fleis. Utsein in suksesfol ûndernimmer, dy't der in eare yn stelde de Grouster konkurrint De Vries te glêd ôf te wêzen, hie Tsjalling altyd de nijsgjirrichste projekten om de minsken te ferljochtsjen en te fermeitsjen. Hy hie in foarkar foar papierwurk dat populêr wie by minsken dy't letterswak wiene: berneprinten, songen nijjierswinsken, wiersistersbriefkes … dingen dy't er maklik troch de wrâld kuierje litte koe.

Binnert Halbertsma (1795-1847)

‘een groten kop die hij eniglijk op den handel liet werken’, neffens syn broer Joast. De nûmer trije fan de bruorren Halbertsma wie net in dichter of skriuwer, en ek gjin grapmakker. Hy wie in keapman. Earst yn hoepen foar om de bûtertonnen, en letter yn tontsjehout. Syn soan Hidde Binnert soe de hannel mei hout fuortsette. Yn ‘e mande mei dy syn soan, Piter Goslik, wie Hidde Binnert de oprjochter fan it bekende Halbertsma Houtfabryk.

Eeltje Halbertsma (1797-1858)

Eeltsje wie in ‘zamenstel van tegenstrijdigheden’. In kundich dokter, in grut drinker, in gefoelich dichter, en in rûge grapmakker. De minsken mocht graach oer Eeltsje om’t er as dokter alles foar syn pasjinten oer hie, en om’t er de lju net op de bûse kaam, as der gjin jild wie. Syn Fryske fersen giene as diggelfjoer troch de ferskate Fryske doarpen. Hy skreau en spriek op gearkomsten. Hy liet minsken neitinke, makke grappen en sparre gjinien. Ek himsels net.



Wurd Gouden Freon of Freon

Yn de moanne juny fan 2018 sil it teäterspektakel Gabe Skroar opfierd wurde. Lokaasjeteater en fisueel spektakel, mei Gabe Skroar yn de haadrol. Op miskien wol de moaiste lokaasje fan Grou. Mei it sicht op de Sint Pitertsjerke en de Rjochte Grou as poadium. Drage jo dit inisjatyf in waarm hert ta en wolle jo ús stipje? Wurd dan ‘Gouden Freon’ of ‘Freon’ fan Gabe Skroar

Wurd ‘Gouden Freon’ fan Gabe Skroar foar € 125 (foar 2 persoanen)

Eksklusyf foar ‘Gouden Freonen’ fan Gabe Skroar is de premiêre fan it Iepenlofspul Gabe Skroar. Jo kinne der ek by wêze! Wurd ‘Gouden Freon’ fan Gabe Skroar en jo krije 2 tagongskaarten foar dizze bysûndere jûn. Yn it skoft stiet der in drankje foar jimme klear en nei de foarstelling is der in hapke en in drankje.
As ‘Gouden Freon’Freon’ hawwe jo noch mear foardielen. Sa krije jo bygelyks in unyk portret fan Gabe Skroar, koarting op elk twadde kaartsje foar de offisjele iepening fan klinke & daverje en 2 tagongskaarten foar de unyke eksposysje ‘Wrâldboarger út Grou` yn Museum Hert fan Fryslân. Dêrby wêze? Wês dan gau. Der is mar plak foar 150 ‘Gouden Freonen’!. Meld jo oan as Gouden Freon.

Wurd ‘Freon’ fan Gabe Skroar foar € 40 p.p.
Jo kinne jo – op ien namme- mei mear freonen tagelyk oanmelde.

Eksklusyf foar de ‘Freonen’ fan Gabe Skroar is op sneon 9 of tiisdei 12 juny 2018 de ‘Freonejûn’ fan it Iepenlofstpul Gabe Skroar. It liket in prachtige jûn te wurden, mei nei ôfrin fan de foarstelling in Meet & Greet mei de akteurs. Yn it skoft en nei ôfrin stiet der in fergees drankje foar jimme klear.


Boppedat krije jo foar elke freon in tagongskaart foar de unyke Eksposysje 'Wrâldboarger út Grou'.
Meld jo oan as freon.

Gabe Skroar

It begûn yn 1822 mei in útjefte 'foar freonen': in lyts boekje mei mar seis gedichten en fersen en wat koarte proazateksten. Allegearre yn it Frysk. De gedichten wiene fan Eeltsje, mar Joast joech se út as wiene it de fersen fan in al lang ferstoarne kreupele kleanmakker, Gabe. Dy Gabe Skroar waard de haadpersoan fan ferhalen dy't yn de twadde en tredde Lapekoer bedarren, mei nije gedichten en ferskes. It boek foel op troch de taal en styl. Oant fier bûten Fryslân.



In groep tige entûsjaste frijwilligers en professionals.

De Stichting Gabe Skroar is ferantwurdlik foar de organisaasje fan klinke & daverje | Grou 2018. It Halbertsmajier sil foar fierwei it grutste part mei frijwilligers ta stân brocht wurde. Yntusken is der al in grutte ploech entûsjaste frijwilligers oan de slach. Yn de oanrin nei 2018 sille de ynwenners fan Grou, jong en âld en ek it ferienings- en bedriuwslibben frege wurde mei te wurkjen oan dit Grouster evenemint. Om klinke & daverje ta in sukses te meitsjen, sil dêrby in berop dien wurde op profesjonals.

  • Geert Teitsma

    Foarsitter

  • Geert Tichelaar

    Ponghâlder

  • Margje de Jong

    Sekretaresse

  • Eddy van der Noord

    Kulturele aktiviteiten

  • Gooitzen Boonstra

    Finansjes

  • Aukje Holtrop

    Pr en marketing

Rie fan ynspiraasje

  • Tjalling Halbertsma

    Rie fan ynspiraasje

  • Tjalling van der Goot

    Rie fan ynspiraasje

  • Jannewietske de Vries

    Rie fan ynspiraasje